• Morra Slide
  • Morra 2
  • Morra Winter
Morra - Terpdorp in Noord-Oost Friesland

Informatie over Morra

In hiel lyts stipke op de lânkaart, hast net te finen foar in frjemd,
do list my nea wer los.
Ik haw oeral yn de wrâld wol west, mar do hast by my in streepke foar op de rest.
De minsken dy ’t elkoar noch kinne,
de âlde mantsjes dy’t harren rûntsje om de buorren rinne.
En dan de Moarster toer,
Ik woe wol dat it nea feroarje soe, mar Moarre giet ek mei syn tiid mei.
De slachter en de grienteboer binne hjir al wei.
Wy moatte no nei de stêd ta, wolle wy noch in lekker hapke ha.
Dochs sit ik der net oer yn.
It is de rêst dy’t  ik yn dit lytse doarpke fyn.

Lees de laatste nieuwsberichten